Hoe is de fytsalvestêdetocht te folgjen?

09 jun 2019 - 08:11

Op Pinkstermoandei 10 juny is it de dei dat tûzenen fanatike fytsters fan stêd nei stêd fytse. Moarns om 5.00 oere begjint de Fytsalvestêdetocht en Omrop Fryslân is der fansels by! Op radio, telefyzje en online binne de fytsers fan 08.00 oere ôf te folgjen yn harren 235 kilometer lange tocht fan Boalsert oant Boalsert.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Fan 8.00 oere ôf docht Omrop Fryslân ferslach fan it fytsevenemint op radio en telefyzje. Moarns earst út Dokkum wei, middeis sjocht Omrop Fryslân by de stimpelpost yn Aldemardum. Fierder is de ridende ferslachjouwer Lennie Bronsveld op 'en paad om yn de ferskate stêden it evenemint te ferslaan.

Op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app binne de hiele dei live bylden te sjen fan de fytsers. Elkenien kin op Pinkstermoandei berjocht ynstjoere fia de Omrop-app. De ynstjoerde berjochten komme foarby op telefyzje.

Folgje it online

In spesjaal team fan social media is de hiele dei op 'en paad om de tocht online yn byld te bringen. De stimpelposten yn de ferskate plakken wurde goed yn 'e gaten hâlden en ek de reaksjes fan de dielnimmers binne werom te finen op social media. Sawol op Facebook, Instagram as Twitter is de tocht fan begjin oant ein te folgjen.

Waarm ûnthaal

Fan 18.20 oere ôf sjocht presintator Roelof Lousma by de finish hoe't de fytsers oankomme yn Boalsert en hoe't it mei harren steld is. Neist de ferslachjouwing binne der ek reportaazjes te sjen fan ferskate dielnimmers.

Trefwurden: 
fytsalvestêdetocht fyts11
(Advertinsje)
(Advertinsje)