Himpkwekerij oprôle yn appartemintekompleks op It Hearrenfean

08 jun 2019 - 22:09

Yn in appartemintekompleks oan de Kornelis de Wildestrjitte op It Hearrenfean is sneon in himpkwekerij oprôle. Yn it appartemint soene goed 245 planten stien hawwe, dy't hast rispe wurde koene.

Foto: ProNews

Nei alle gedachten kaam de plysje de kwekerij op it spoar nei't der earder sneon in melding fan in gaslek kaam út it gebou. De brânwacht koe lykwols neat fine; nei mjittingen die bliken dat de lucht net gefaarlik wie.

Netbehearder Liander hat de stroom ôfsletten. De kwekerij is yntusken ferneatige. Oft de plysje minsken oanhâlden hat, is net bekend.

(advertinsje)