Adriaan Botma wint Ronde fan Boalsert nei solo

08 jun 2019 - 21:40

Hurdfytser Adriaan Botma fan Driezum hat sneontejûn de Ronde fan Boalsert wûn. De Fries ried in skoft allinne oan kop en koe dat úteinlik trochsette nei de winst.

Adriaan Botma by in eardere wedstriid. - Foto: www.orange-pictures.nl

De hurdfytser fan Cycling Team Fryslân bleau Peter Merx út Warfhuizen en Niels van Ekeren út Rijswijk foar. Hy kaam goed 45 tellen foar it peloton oer de streek.

De winner fan foarich jier, Arjan Arentsen, die dit jier net mei yn Boalsert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)