Hijum/Feinsum foar it earst winner fan it NK junioaren yn Frjentsjer

08 jun 2019 - 19:11

De ôfdieling Hijum/Feinsum, mei Giancarlo Teitsma, Hielke Beijering en Laas Pieter van Straten hat sneontejûn yn Frjentsjer foar it earst yn 'e histoarje it NK junioaren wûn. Yn de spannende finale fan de partij, ek wol de Jong Nederlân neamd, waard it partoer fan Berltsum mei 5-5 en 6-6 ferslein.

Foto: Henk Bootsma

It begjin fan de finale wie lykwols foar Berltsum; dat partoer fan Corné Tuinenga, Patrick van Dellen en Wytze Wassenaar, kaam mei 3-0 foar. Dêrnei rûn Hijum/Feinsum yn en waard de efterstân foar it grutste part goedmakke. By in stân fan 5-5 en 6-6 sloech Van Straten in sitbal, wêrtroch't de winst nei Hijum/Feinsum gie.

De hiele dei wiene der strieminne omstannichheden yn Frjentsjer. Nettsjinsteande al it reinwetter kin der moandei wol gewoan de bûnspartij keatst wurde op it Sjûkelân.

Tredde plak

It tredde plak wie der foar it partoer fan Frjentsjer. Dat partoer ferlear yn in iensidige wedstriid (5-0 6-4) fan de lettere winners.

Ferline jier wûn de ôfdieling Minnertsgea it NK junioaren.

Foto: Henk Bootsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)