Keninklike besite foar Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer

08 jun 2019 - 18:53

It Planetarium fan Eise Eisinga yn Frjentsjer koe sneontemiddei rekkenje op keninklike besite. Kening Willem-Alexander, keninginne Máxima en harren dochters brochten in priveebesite oan it Planetarium.

Foto: ANP

Inkelde jierren lyn brocht de keninklike famylje al in offisjele besite oan it Planetarium yn Frjentsjer. Hoelang't de famylje krekt yn Frjentsjer bleau en wat se fierder krekt dien hawwe, is net bekend.

(advertinsje)
(advertinsje)