Team Wybe fytst Alvestêdetocht op 'bierfyts' foar goeie doel

08 jun 2019 - 18:01

Op in groepsfyts is Team Wybe ûnderweis foar in Alvestêdetocht om safolle mooglik jild op te heljen foar de Maarten van der Weijden Foundation. Maarten van der Weijden wie ek oanwêzich by de start yn Boalsert en hat it team fuortsketten.

Hy is ûnder de yndruk fan it inisjatyf, om't it net maklik is om mei in saneamde 'bierfyts' foarút te kommen. "En het is ook beter weer om te zwemmen dan te fietsen", fynt Van der Weijden. It team wurdt by de tocht stipe troch gastfytsers, dy't in persoanlike reden hawwe om mei te dwaan. It doel is is om 24.000 euro yn te sammeljen.

Fytsteam

Team Wybe waard oprjochte yn 2015 nei it ferstjerren fan har freon Wybe Leenstra, dy't ferstoar troch in harsentumor. Hy wie doe noch mar 37 jier. Earder helle it team al tûzenen euro's op mei de Alpe d'Huzes en letter nochris 20.000 euro mei it beklimmen fan de Mont Ventoux.

De tocht dy't sneon úteinsette, duorret 26 oeren. Snein om 16.00 oere tinke se wer werom te wêzen yn Boalsert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)