Fierljepwedstriden Burgum gean net troch fanwegen it minne waar

08 jun 2019 - 17:37

It fierljeppen fan sneon yn Burgum giet net troch. De wedstriden fan de Eelke Scherjon Memorial kinne net ljept wurde fanwegen it minne waar.

Thewis Hobma pakt oerwinning by it Keningsljeppen - Foto: Martin de Jong

Earder sneontemiddei wie al dúdlik dat de wedstriden fan de twadde klasse net trochgean koene. Ljeppersklup Burgum hat no ek bekend makke dat de wedstriden fan sneontejûn net trochgean.

Ynhelwedstriid

De fierljepwedstriden wurde takom woansdei 12 juny ynhelle.

Trefwurden: 
fierljeppen Burgum
(Advertinsje)
(Advertinsje)