Beitske Visser twadde yn tredde race W Series

Autokoereur Beitske Visser fan Twellingea is as twadde einige yn de tredde race fan de W Series. De oerwinning yn de race op it sirkwy fan Misano gie nei de Ingelske Jamie Chadwick, dy't dêrmei noch altyd oan kop giet yn it klassemint.
Beitske Visser © BMW Motorsport
Visser kwalifisearre har as tredde, mar klom nei de start op nei it twadde plak. Se koe Chadwick de hiele tiid byhâlde, mar it slagge net har konkurrint yn te heljen. Fabienne Wohlwend waard tredde.

Twadde yn klassemint

Beitske Visser hat yn it klassemint no 13 punten efterstân op lieder Chadwick; sy hat 68 punten. Marta Garcia út Spanje stiet tredde mei 35 punten. Der binne noch trije races yn de W Series; de earstfolgjende is op 6 july yn Dútslân.