Feanwâlden ferbjustere no't der foarearst gjin subsydzje komt foar doarpshûs

08 jun 2019 - 16:48

Yn Feanwâlden binne se folslein ferbjustere troch it berjocht dat der mooglik gjin subsydzje komt foar harren nije doarpshûs. Earder wie der al hast ien miljoen euro tasein foar de bou fan in nij multyfunksjoneel sintrum yn it doarp.

Doarpshûs Feanwâlden

Troch de grutte tekoarten op de soarch yn de gemeente Dantumadiel wurde projekten dy't noch net start binne no opnij foarlein oan de gemeenteried.

Alde biblioteek

Yn Feanwâlden brûke se tydlik de âlde biblioteek as doarpshûs, en yntusken besykje se safolle mooglik jild by inoar te bringen foar in nij ûnderkommen. Mar as de gemeente Dantumadiel definityf nee seit tsjin de subsydzje stiet de takomst fan in doarpshûs yn Feanwâlden faai, sa seit Roel Dijkstra fan stichting doarpshûs Myn Skip.

(Advertinsje)
(Advertinsje)