Sietse de Vries fan De Westereen hat einlik in nije nier krigen
Nierpasjint Sietse de Vries út De Westereen hat in nije nier. Twa jier lang socht De Vries ûnder mear fia Facebook en mei in oprop by Omrop Fryslân nei in nije nier. Mar alles sûnder resultaat, oant dit foarjier: doe wie it ynienen raak.
In anonime donor wie yn de earst wike fan april nei it UMCG yn Grins ta kaam, mei de melding dat dizze persoan samar in nier ôfstean woe. De bêste match foar dizze nier wie Sietse de Vries. Dy mocht in wike letter sels ûnder it mes.
Bliidskip
Op Facebook lit er yn in lang berjocht witte hoe bliid er is mei de nier. "Ik haw myn frijheid werom", sa skriuwt er.