Beitske Visser tredde yn kwalifikaasje foar W Series yn Misano

08 jun 2019 - 15:47

Beitske Visser fan Twellingea hat sneontemiddei yn Misano de tredde tiid riden yn de kwalifikaasje foar de W Series. Op it Italiaanske sirkwy kaam se ta in tiid fan 1.33.438.

Beitske Visser - Foto: BMW Motorsport

De pole position yn Misano wie foar Fabienne Wohlwend út Switserlân. It twadde plak gie nei Jamie Chadwick, dy't oan kop giet yn it klassemint. Visser stiet op dit stuit seis punten efter de Ingelske Chadwick.

Race

De race yn Misano set letter sneontemiddei útein.

(Advertinsje)
(Advertinsje)