Stel út Nijlân fytst tsjin de sykte fan Huntington

08 jun 2019 - 15:10

Fytse foar de sykte fan Huntington. Dat dogge Goos Pieksma en Janke Boonstra fan Nijlân. It stel sil op Pinkstermoandei de Alvestêdetocht fytse om omtinken te freegjen foar de sykte fan Huntington. Der is fjouwer miljoen euro nedich om in medisyn tsjin Huntington op 'e merk te bringen.

De sykte is in kombinaasje fan Alzheimer, Parkinson, en ALS. Pieksma syn earste frou, Annette, hat de sykte fan Huntington dy't oerdraachber is. De beide dochters fan him en Annette rinne fyftich persint kâns om de sykte te krijen. Se binne no 25 en 22 jier, mar wolle har no net kontrolearje litte op de sykte.

"As ik dan pine yn 'e holle ha, dan hoech ik net te tinken dat it Huntington is, mar dat ik gewoan efkes pine yn de holle ha", seit de âldste dochter Esther.

Medisyn

No is it ûndersyk nei in medisyn foar Huntington fier hinne. It is hast safier dat der in medisyn op 'e merk komt, dat de sykte mei wol tritich jier útstelle kin. It ûntbrekt allinne oan jild. Der is fjouwer miljoen euro nedich.

Foar Annette komt it medisyn te let. Sy sit no yn in fier stadium fan de sykte en wennet al sân jier yn soarchsintrum Blomkekamp yn Boalsert.

De famylje oer de sykte fan Huntington en de fytstocht

(Advertinsje)
(Advertinsje)