KNRM-stasjons yn Fryslân hingje flagge healstôk nei deadlik ûngelok

08 jun 2019 - 14:31

De rêdingstasjons fan de KNRM betoane sneon ear oan trije ferdronken Frânske kollega-rêders yn Les Sables d'Olonne. Freed sloech harren rêdingsboat ferskate kearen om doe't sy yn in swiere stoarm op 'e syk wiene nei in fermiste fiskersboat foar de kust fan de Frânske havenstêd yn de Vendée.

Fan de sân rêders oan board slaggen fjouwer deryn om te ûntsnappen út de omsleine boat. Trije rêders yn de leeftiid fan 28, 51 en 55 jier, slagge dat net. Se wiene allegear bedreaune seelju, dy't al jierren frijwilliger wiene by de Frânske rêdingsmaatskippij. Fan de fiskersboat binne inkeld wrakstikken weromfûn. De rêdingsboat spielde oan op de kust fan it baaiplak.

It barren makket djippe yndruk, ek by susterorganisaasjes bûten Frankryk. Ferskate KNRM-fêstigingen yn Nederlân hawwe dêrom de flagge healstôk hongen. Yn Fryslân betsjûgje KNRM Harns, Skylge en Hylpen harren meilibben ek op dizze wize.

(advertinsje)
(advertinsje)