City Train mei lang om let boerd ophingje

08 jun 2019 - 13:53

Nei in petear mei de gemeente hat City Train no dochs tastimming krigen foar it ophingjen fan in ynformaasjeboerd. Earder wiisde de gemeente it fersyk ôf.

Foto: Daan Postma

Reden wie dat de iepenbiere romte sa min mooglik belêste wurde moast mei objekten dy't gjin direkte relaasje mei de omjouwing hawwe soene. Ek soe it boerd te grut wêze.

De stifting is bliid mei de oplossing en hat it boerd no te plak hongen by de halte oan it Wilhelminaplein.

Trefwurden: 
Ljouwert City Train boerd
(advertinsje)
(advertinsje)