Stoarm yn Fryslân: benammen omwaaide beammen en tûken

08 jun 2019 - 20:00

De stoarm yn Fryslân hat sneon rûnom yn de provinsje foar oerlêst soarge. Op ferskate plakken yn de provinsje wiene beammen omwaaid en leine tûken op 'e dyk. Foar safier bekend binne der gjin minsken ferwûne rekke.

Yn it sintrum fan Warkum wiene de minsken benaud dat in flinke beam omfalle soe, nei't der al skuorren yn kaam wiene troch de wyn. De brânwacht hat de beam foar de wissichheid omseage.

Ek wie de rûte nei Wyns ta in skoft ôfsletten, om't der in beam op de dyk lei. De brânwacht fan Gytsjerk seage de beam yn stikken om de dyk wer frij te meitsjen.

Beammen om op De Jouwer

Op De Jouwer binne der troch de hurde wyn ek twa beammen omwaaid. Dizze eksimplaren leine op de Slachtedyk. It ferkear moast omride. Ek dêr wie de brânwacht drok dwaande om de beammen yn stikken te seagjen. De gemeente hat derfoar soargje dat it hout opromme waard.

Op De Jouwer bedarren der sels twa beammen op de dyk - Foto: SrFotografie

Yn Ryptsjerk rekke in taskôger fan in fuotbalwedstriid ferwûne. Under de wedstriid foel in tûke fan in beam op in groep supporters. It slachtoffer is mei in sneed op 'e holle nei de Dokterswacht gien, mar waard dêrnei dochs nei it sikehûs brocht. It is net dúdlik hoe't it no mei it slachtoffer giet.

Trefwurden: 
beammen stoarm hurde wyn tûken
(advertinsje)
(advertinsje)