Reidmarrûte yn Súdwest-Fryslân feestlik iepene

De ynwenners fan Westhim kinne fan freed ôf lang om let mei in sloep troch har doarp farre. De nije Reidmarrûte is in elektryske farrûte fan Boalsert oer de Blauhúster Puollen nei Aldegea. De bou sette ein 2017 útein en waard freedtemoarn iepene troch deputearre Johannes Kramer en wethâlder Maarten Offinga.
© Corina Hernamdt
De Reidmarrûte is in âld kanorûte, dy't fan Boalsert út oer de Blauhûster Puollen nei Aldegea rint. In grut part fan de Reidmarrûte is inkeld tagonklik foar elektryske of hybride oandreaune boaten. Ek foar kanofarders en SUPpers (Stand Up Paddling) is de rûte geskikt.
Om de rûte geskikt te meitsjen foar sloepen moasten der inkelde dammen en brêgen fuorthelle of ferfongen wurde. De oanlis fan de Reidmarrûte is in gearwurking tusken provinsje Fryslân, gemeente Súdwest-Fryslân en it eardere Friese Merenproject.