Skea troch stoarm oan sântrechterhotel yn Harns

Troch de hurde wyn is sneon de dakbedekking fan it sântrechterhotel yn Harns loskaam. It bysûndere ûnderkommen stiet oan de Willemskade yn Harns.
© Jaring Rispens
It sântrechterhotel is noch mar krekt iepen en ûntfong ôfrûne wike syn earste gasten.
De skea waard opmurken troch omwenners, dy't de brânwacht bellen. De brânwacht hat tegearre mei de eigener de platen wer fêstsetten. Der ferbleaune op dat stuit gjin gasten yn de trechter.