Gjin treinen tusken Bûtenpost en Grins

08 jun 2019 - 11:13

Der ride yn it Pinksterwykein gjin treinen tusken Bûtenpost en Grins. Dit stik is fan sneon ôf oant en mei moandei ticht troch wurksumens oan it spoar, fanwege de ekstra sneltrein tusken Grins en Ljouwert. Ferfierder Arriva sil bussen ynsette. De ekstra reistiid is trije kertier.

Trefwurden: 
trein Arriva Bûtenpost Grins
(advertinsje)