Diere-aktivisten komme werom nei Skier foar protest tsjin Kallemooifeest

08 jun 2019 - 10:23

Op Skiermûntseach stiet it Pinksterwykein wer yn it ramt fan it Kallemooifeest. Ek dit jier sil in hoanne trije dagen yn in kuorke op 18 meter hichte opsletten wurde. It Comité Dierennoodhulp wie earder yn berop gien tsjin de gemeente Skiermûntseach om't it bist derûnder te lijen hat. De rjochtbank hat yn maart besletten dat it feest mei de hoanne yn dizze foarm bestean bliuwe mei.

Foto: Omrop Fryslân

Diere-aktivisten komme al jierren op it feest ôf om te foarkommen dat de hoanne opsletten wurdt. Ien fan harren is Dimitri. Hy is sneon ôfreizge nei Skiermûntseach om aksje te fieren tsjin it feest. "We willen gewoon een vredige demonstratie houden op de plek waar de haan op wordt gehesen", fertelt er. Hoefolle aksjefierders der nei it eilân komme sille, is noch net bekend.

Losknipt

It is net de earste kear dat Dimitri nei it eilân giet om te protestearjen. Yn 2017 hiene hy en trije oare aktivisten harren mei kettingen fêstmakke oan de peal, dy't al klear lei om mei hoanne en al omheech hyst te wurden.

De diere-aktivisten waarden mei in grutte skjirre wer fan de peal losknipt. De plysje hat harren doe meinommen nei it plysjeburo en 'yn it belang fan harren eigen feilichheid' op de wettertaksy set nei de fêste wâl.

Dimitri oer Kallemooi

Dimitri wol de feestfierders ek dit jier wer meijaan dat it feest ek hiel moai wêze kin as der in nephoanne yn de mêst hyst wurde soe. Hy en oare aksjefierders lizze harren net del by it beslút fan de rjochter. "Als het wettelijk niet wordt afgeschaft, dan zal het toch aan je geweten moeten knagen dat je überhaupt naar een feestje wil gaan waarbij een haan in een mand wordt gestopt."

Mêst is ôfsetten

Eilânbewenners hawwe yn it foar al sein dat de mêst, krekt as foarich jier, ôfsetten is en lestich te berikken. Dat hâldt Dimitri net tsjin. "We hebben de afgelopen jaren willen voorkomen dat de haan omhoogkwam. De eerste keer is dat redelijk gelukt, want toen hebben we ons vastgeketend, zodat de paal niet omhoog kon."

"De tweede keer hebben we het nog een keer geprobeerd. Toen hadden we dikkere kettingen, in de hoop dat we langer vast zouden zitten. De derde keer hebben we het weer geprobeerd met nog betere kettingen, maar toen was er zo veel beveiliging op de been dat wij de paal niet konden bereiken."

Foto: Omrop Fryslân

Dêrom besykje de aksjefierders it dit kear op legale wize. "We hebben contact gehad met de burgemeester en we hebben toestemming gekregen om pal naast de paal te mogen demonstreren. We hebben gezien hoe gevoelig dit ligt bij de mensen. Dus ik denk dat als wij die demonstratie zelfs stil en vredig houden, mensen ons niet zullen tolereren. We hopen dat de politie ons daarin beschermt."

De gemeente Skiermûntseach en boargemaster Ineke van Gent wolle foarearst net reagearje op ús fragen oft se maatregels naam ha tsjin de komst fan de aktivisten.

(advertinsje)
(advertinsje)