Al fiif jier spoarleas: Sicco-Jan Cuperus

08 jun 2019 - 08:47

"We misse him ferskriklik. As der ek mar ien is dy't wit wat der bard is, lit dy it asjebleaft sizze." It binne de wurden fan Gina Cuperus, de mem fan Sicco-Jan. Op 9 juny 2014 hie de Ljouwerter him melde moatten op syn wurk as maresjaussee. Der wurdt fuort alarm slein mar fan de opperwachtmaster ûntbrekt elk spoar. Syn auto wurdt in pear dagen letter al werom fûn. Dy stiet by it âlde molkfabryk yn Marrum.

De plysje hat mei in grut resjerzjeteam wurke oan de fermissing. Kollega's fan Cuperus hawwe oan it flyerjen west, mar it hat neat opsmiten. Al waard dúdlik dat Cuperus op 7 juny noch praat hie mei in freon en dat hy 8 juny syn telefoan noch brûkt hat. Mar in soad mear hat it ûndersyk net opsmiten.

It waard in cold case. Dat hâldt yn dat in spesjaal team de saak yn hannen kriget en besjocht oft se nije oanwizingen fine kinne. It aktive ûndersyk kin, as der nije ynformaasje komt, ek gau oppakt wurde. De fermissing stiet ek op de spesjale coldcase-kalinder fan de plysje. Dy wurdt útdield yn de finzenis mei de hoop dat de oandacht miskien foar in trochbraak soargje kin.

Gjin idee

De plysje sels hat gjin idee wat der bard is. Anthony Hogeveen fan de plysje leit út: "Wij werken met diverse scenario's over wat er gebeurd kan zijn. Dan kijk je naar de achtergrond van een persoon. Maar hier past niets.

Advertinsje fam. Cuperus yn de Bildtse Post - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Er is geen enkele aanwijzing die ook maar enige richting geeft." En dat docht sear, seit Hogeveen: "Voor de familie is dit verschrikkelijk. Je hebt geen idee waar je zoon is, wat er gebeurd is. Dat is zo frustrerend en verdrietig. Je wilt als collega niets liever dan antwoorden vinden."

Beleanning

Foar de gouden tip hat de haadoffisier fan justysje in beleanning fan 15.000 euro útloofd. Om't de saak dizze wike ek sintraal stiet op de coldcase-kalinder, freget de plysje der dizze dagen ekstra omtinken foar. Dúdlikens dy't de famylje fertsjinnet, sa skriuwt de plysje Noardeast-Fryslân yn in Facebook-berjocht.

De famylje Cuperus sels hat in advertinsje set yn de Bildtse Post. Minsken dy't mear witte, kinne dat melde by de plysje op it nûmer 0900-8844, fia Meld Misdaad Anoniem op ynternet en tillefoanysk (0800-7000). Ek kin de opspoaringstipline belle wurde: 0800-6070.

(Advertinsje)
(Advertinsje)