Fytsers tink derom: dit is dit jier oars by de Fytsalvestêdetocht

In soad saken binne al jierren itselde by de Fytsalvestêdetocht, mar dochs is it wol saak de kop der goed by te hâlden. Sa sit der dit jier in oantal feroaringen yn de rûte en de tocht. Wy setten se foar dy op in rychje.
Fytsalvestêdetocht © Henk Bootsma

1. By Sint-Anne nei links

De rûte yn de kop fan Fryslân is omgoaid. By Sint-Anne giet de tocht links rjochting Nij Altoenae. De fytsers fytse sa by de seedyk del rjochting Holwert. Foar de ynwenners fan Froubuorren, Alde Leie, Hallum, Marrum, Ferwert en Blije betsjut dat, dat se gjin fytsers mear oanmoedigje kinne yn it doarp. Dêrfoar moatte ék sy earst in stikje fytse.
Wiziging Fytsalvestêdetocht Sint-Anne © Fietselfstedentocht

2. Gjin Dronryp yn de rûte

Yn Dronryp wurdt de brêge oer it Van Harinxmakanaal ferfongen. Spitich foar de fytsers, mar dat is op Pinkstermoandei noch net klear. Dêrom rint de rûte dit jier net troch Dronryp, mar troch Jellum en Hilaard. Fia Hoptille giet de rûte dan fierder nei Baaium en Winsum.
Wiziging Fytsalvestêdetocht Dronryp © Fietselfstedentocht

3. Nij drinkpunt by Aldemardum

Tusken Balk en Aldemardum sit dit jier foar it earst in drinkpunt. It drinkpunt fynst ta hichte fan Kippenburg.

4. In drinkpunt minder

Wêr't der tusken Balk en Aldemardum ien bykomt, ferdwynt er just ien by Starum. It drinkpunt by Starum komt te ferfallen.

5. Finishkontrôle

Hjir moatte minsken fan tefoaren goed skerp op wêze. By de finish moat elkenien har melde mei it spesjale finishformulier. Nij dit jier is dat op dat formulier in persoanlike koade stiet dy't scand wurde moat. Op dy wize wurdt de ferriden tocht fuortendaliks ferwurke yn de administraasje. Dielnimmers wurde frege it formulier fan tefoaren thús te printsjen of op te slaan op de telefoan.
Omrop Fryslân stjoert de Fytsalvestêdetocht Pinkstermoandei live út. Fan 08.00 oere ôf is de tocht te folgjen op radio, telefyzje en ynternet. Om 18.20 oere is in spesjaal programma op telefyzje te sjen mei de hichtepunten fan de dei.