Kollum: "City of literature language?"

08 jun 2019 - 08:22

"Dizze wike wie ik wat random oan it chatten mei myn bestie. It gie oer in sale yn cartridges by in local retailer. Myn printer joech in malfunction oan op it display, der kaam gjin inkel stikje printing on demand mear út. 'Houston, we have a problem,' appte ik, mar lokkich wie der noch in franchise mei in real-time shop dy't my út de brân helpe koe.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

Alle wiken meitsje ik in print fan myn kollum, om myn fêste home panel de kâns te jaan om te checken oft myn proaza wat failproof is. It moat wol earne op lykje, fansels, je wolle net dat in oar stiet te shinen mei jo flaters. Right, even back nei myn chatsessie. Se binne faak djoer, dy cartridges, dus de timing fan de sale wie in class act, dêr wie echt gjin second opinion foar nedich. 'No time to waste,' tocht ik en ik stapte daliks op myn scooter.

Eins mei ik gjin reklame meitsje, mar dy Handyman syn shop is in pracht. Der is hast gjin nee te keap, fan hast alle gadgets op it mêd fan computers oant multi purpose batterij chargers. Mochten se net ha wat je sykje, kinne je fansels fia Google even browse op it web, dêr is alle knowhow te downloaden, meastentiids kinne je de pay wall gewoan skippe, krekt as by it ynstallearjen fan apps. Fan de ynfo in backup meitsje is tsjintwurdich in piece of cake. Sels foar in digital outsider op leeftiid is der yn it buerthûs wol in senior workshop om jo de basic skills fan it surfen eigen te meitsjen. En dan bedoel ik fansels net it surfen of suppen op in board, mar dat hienen jim no doubt wol skerp foar de bril. Oars mar even nei Specsavers foar in eachcheck.

Moandei krigen wy samar in NL-alert. Myn mobyl trille as in wyld, ik tocht dat der wat slims wie, mar no way. It wie in test om te checken of myn ynstellings wol up to date binne. Der wie gjin fierdere aksje nedich, dus koenen we nei de lunch even chille. Nei trije dagen Oerrock is dat foar minsken yn de midlife crisis ek wol even goed. Prima party by the way. Moai om te sjen dat myn guilty pleasure ABBA troch in hiele soad partners in crime dield waard. It wie ien hiele grutte sing-along. Dan komme je der achter hoe moai oft community singing eins is. De fun spatte fan de gesichten ôf. Miskien dat ik ynkoarten mar ris nei in barbershop festival moat. Mar ik dwaal ôf.

De cartridge yn de printer sette in net sa dreech, allinnich folget der dan in mega update, omdat der wat ferfongen is. Yn dy tiid kinne je hast hinne-en-wer op de fyts nei de Action, sa lang duorret soks. Mar as alles dan wer online en up and running is, kinne je wer fleurich scanne, faxe (wa faxt noch these days?) en yn myn gefal in kollum printe, sadat myn frou en de kids harren helikopterview der even oer gean litte kinne.

Ik hie de tiidwurden ek noch omdraaie kinnen, mar unfortunately peanut cheese, dat wie a bridge too far foar my."

(advertinsje)