FNP hat noed oer taalbelied plaknammebuorden

08 jun 2019 - 07:47

Der moat goed belied komme foar de plaknammebuorden yn de gemeente Waadhoeke, oars is der kâns dat de plaknammen yn lokale talen ferdwine. Dêr is alteast de FNP yn Waadhoeke benaud foar. Se freegje it kolleezje dêrom om mei harmonisaasje foar de plaknammebuorden te kommen, wêryn't ek it Biltsk en it Frjentsjertersk in plakje krije.

Frjentsjer - Foto: Johan en Wiepie

De gemeente Waadhoeke is krektlyn mei in foarstel kaam om gjin harmonisaasje ta te passen op it mêd fan plaknammen. Hjir wiene ûnder oare de Jong Fryske Mienskip en de Topografyske Wurkgroep Fryslân it net mei iens. Sy fine dat der wol harmonisaasje plakfine moat, en ferwize dêrby nei in eardere útspraak fan de gemeente Wymbritseradiel.

Yn âld gemeenten Littenseradiel en Menameradiel, dy't no ûnder Waadhoeke falle, wiene de plaknammen al Frysktalich. Yn It Bilt en Frjentsjerteradiel steane de Nederlânske plaknammen noch boppe-oan.

De FNP wol net it risiko nimme dat de plaknammen foar it gebietsdiel it Bilt Frysktalich wurde. Dêrom wol de partij no mei in amendemint komme, om it oan de foarkant sels te regeljen, mei as útgongspunt dat de regionaal/lokaal sprutsen talen, ek it Biltsk en Frjentsjertersk, harren plak krije.

Trefwurden: 
FNP taal
(advertinsje)
(advertinsje)