Man (34) besjocht porno yn Ljouwerter biblioteek en wurdt oanhâlden

07 jun 2019 - 22:17

De plysje hat freedtemoarn yn de biblioteek fan Ljouwert in 34-jierrige man út Halsteren (Noard-Brabân) oanhâlden. De man waard yn de biblioteek betrape op it besjen fan pornografysk materiaal.

Foto: ANP

De man joech nei't er trappearre waard in falske namme op. Nei ûndersyk die bliken dat er syn skorsende betingsten skeind hie. Dêrop waard de man troch de plysje oanhâlden.

(advertinsje)