Hinke Schokker debutearret op WK trail: "Ik ha myn ferwachtingen bysteld"

07 jun 2019 - 21:21

Hinke Schokker fan Eastermar debutearret sneon op it WK trail yn Portugal. Se moat dêr leafst 44 kilometer drave troch rûch gebiet, wêrby't it heechste punt op 940 meter hichte leit.

Foto: Omrop Fryslân

Hinke hat noch amper ûnderfining mei trail. No't se yn Portugal is, komt se der achter dat har tarieding net optimaal west hat; se hat it ûnderskat. "Ik tocht eins dat trail itselde is as op 'e dyk rinne. Ik ha in bytsje ûnderskat wat ik derfoar dwaan moast." Hinke hat net folle oars dien as normaal yn de tariedingen, útsein ien training yn de heuvels fan Dútslân. "Ast it goed dwaan wolst, moast yn 'e bergen traine."

Middenmoat

Har ferwachtingen hat Hinke dan ek bysteld. "Mear as middenmoat sil it net wurde." Se is ûnder de yndruk fan alle topatleten dy't yn Portugal meidogge. "Ik tocht hurdrinnen is hurdrinnen. Of ik no yn de heuvels rin of yn it lân makket neat út, mar ik bin no wol wat realistysker."

Hinke Schokker is aardich let begûn mei it draven. Ferline jier ferraste se elkenien troch de 100 kilometer yn Windschoten te winnen. Dêrfoar hie se noch nea langer as 30 kilometer rûn. In wike letter rûn se de maraton fan Berlyn yn 2 oeren en 49 minuten. Se wûn ek de 100 kilometer op de baan yn Steenwijk en de Koning van Spanje Trail yn Limboarch.

Learskoalle

Yn it nasjonale team is Hinke de atlete mei de minste ûnderfining. Se hopet in soad te learen, bygelyks fan de regearjend wrâldkampioen Ragna Debats. Se beskôget har earste WK trail as in goeie oefening foar de 50 kilometer WK en 100 kilometer WK takom jier. Dan wol se serieus meidwaan om de prizen.

Yn Portugal dogge dit wykein 231 manlju en 178 froulju út 53 lannen mei oan it WK trail.

Hinke Schokker sjocht foarút op it WK trail yn Portugal

(Advertinsje)
(Advertinsje)