Flinke fertraging fan feartsjinst tusken It Amelân en Holwert

Reizgers op 'e feartsjinst tusken It Amelân en Holwert moatte freedtejûn rekken hâlde mei flink wat fertraging. De MS Oerd fan rederij Wagenborg fart op dit stuit mei mear as in oere fertraging.
De fearboat en wettertaksy nei It Amelân © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Nei alle gedachten komt dat ek fanwegen de drokte fan it pinksterwykein. Foar safier bekend hawwe de boaten noch net in soad hinder fan de stoarm ûnderfûn.