Merel Bosma fynt nije sponsor en wol takom seizoen in natueriiswedstriid winne

Maratonreedrydster Merel Bosma fan It Hearrenfean hat in nije sponsor fûn. In bedriuw út Leusden stipet tenei de maratonploech Team Turner fan de 26-jierrige Bosma, nei't de foarige sponsor dermei ophold.
© Neeke Smit
Dêrmei is in finansjele bydrage foar trainingskampen en oare saken wis en kinne de riders harren op it maratonreedriden stoarte.

"Altijd vertrouwen gehad"

"Toch heb ik me niet echt zorgen gemaakt", fertelt Bosma. "We weten dat we een heel mooi team zijn. Ik heb er altijd wel vertrouwen in gehad, maar het is wel fijn dat we nu een goede sponsor hebben gevonden."
Merel Bosma yn Weistra op wei
No't de sponsor wis is, kin Merel Bosma har stoarte op de sport. Oer har doelen is se dúdlik. "Komend seizoen zou ik graag een natuurijswedstrijd willen winnen!"
Bosma wûn resintlik har earste maratonwedstriid. Wy makken earder dit jier in portret fan har.