Fleantugen boppe Fryslân fanwegen jubileum F-16

07 jun 2019 - 18:34

In soad minsken yn Fryslân seagen freed oan de ein fan de middei ferskate fleantugen boppe de provinsje sirkeljen. Twa F-16's fan de loftmacht, in Spitfire en in Hawker Hunter kamen fan de fleanbasis yn Volkel en binne freedtejûn lâne yn Ljouwert.

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Der wie fierder neat oan 'e hân; de fleantugen wiene ûnderweis fanwegen in feestlik barren. De F-16 is yntusken fjirtich jier yn gebrûk by de loftmacht. Om by dat jubileum stil te stean, waard freed in bysûnder embleem ûntbleate yn Volkel. Freedtejûn wurdt dat ek dien en fierd yn Ljouwert.

Fleantugen lâne yn Ljouwert

"De Spitfire is van Frits van Eerd, de eigenaar fan Jumbo", fertelt Sidney Plankman fan de loftmacht. "De vliegtuigen zijn inmiddels allemaal geland in Leeuwarden, behalve de Hawker Hunter die dat in Eelde doet."

Sidney Plankman fan de loftmacht

In soad minsken seagen de fleantugen en fûnen dat se wol hiel leech fleagen. "Dat viel wel mee. Vliegtuigen mogen boven bewoond gebied niet lager dan 400 meter boven de grond vliegen."

Trefwurden: 
fleanbasis F-16
(advertinsje)