Pieter Weening wint twadde etappe fan Ronde van Luxemburg

Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema hat freedtemiddei de twadde etappe fan de 79ste edysje fan de Ronde van Luxemburg wûn. De 38-jierrige Fries bleau nei hast 169 kilometer it peloton krekt foar en pakte dêrmei syn earste oerwinning fan it seizoen.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Weening skodde op de lêste dyk omheech foar de finish syn konkurrint ôf ek hie by de einstreek twa sekonden foarsprong op Eduard Michael Grosu út Roemenië en de Italiaan Andrea Pasqualon. De Ronde van Luxemburg duorret noch oant 'e mei snein.

"Swiere finale"

"It wie in swiere finale en der stie folle wyn," seit Weening nei de rit. "Yn de lêste klim sette ik de oanfal yn. Ik spile alles-of-neat en hjoed wie it all-in. Pas by de ein fan de lêste sprint wie ik der wis fan dat net ien my mear ynhelje koe."
Foar syn team Roompot wie it de twadde oerwinning fan dit jier. Earder wûn Jesper Asselman de earste etappe yn de Ronde van Yorkshire.