Pascal Bosschaart wurdt assistint-trainer by Sportklup Cambuur

07 jun 2019 - 17:01

Pascal Bosschaart wurdt assistint-trainer by Sportklup Cambuur. Dêrmei hat de Ljouwerter fuotbalklup de folsleine technyske stêf foar it nije seizoen bekend makke.

Foto: Orange Pictures

Bosschaart sil mei Henk de Jong, Sandor van der Heide, Martijn Barto en Peter van der Vlag de tsjinst útmeitsje by de Ljouwerters. De âld-proffuotballer hat earder by IJsselmeervogels gearwurke mei Van der Heide.

"Alle specialismen in huis"

Technysk manager Foeke Booy is wiis mei de komst fan de assistint-trainer. "Pascal is een echte winnaar en iemand die jarenlang op topniveau heeft gepresteerd. Hij weet dus wat daar wordt gevraagd en als voormalig verdediger vult hij de overige stafleden uitstekend aan. Zo hebben we alle specialismen in huis."

(Advertinsje)
(Advertinsje)