UPDATE: Famke út wetter Froskepôlle yn Ljouwert helle en reanimearre

De helptsjinsten yn Ljouwert binne freedtemiddei manmachtich útriden nei de Avondsterweg, by rekreaasje-eilân de Froskepôlle. Dêr wie in minderjierrich famke te wetter rekke.
© ProNews
De plysje, de brânwacht en it mobyl medysk team wiene oanwêzich. Ambulânsepersoniel hat it slachtoffer reanimearre, dêrnei is it slachtoffer mei hertritme nei it sikehûs yn Grins brocht. It is net bekend hoe't it slachtoffer der no oan ta is.