FIDEO: Jake (4) op boevejacht mei de brânwacht

07 jun 2019 - 16:41

De 4-jierrige Jake fan It Hearrenfean hie freed in bysûndere dei. Hy mocht nammentlik yn syn wenplak helpe mei it sykjen nei in ûntsnapte boef. Jake waard freedtemoarn mei in spesjale limûsine ophelle troch de brânwacht. En dat is net samar. Jake hat leukemy en mei de boevejacht kaam syn grutte winsk út. It wie allegearre regele troch Make-A-Wish.

(advertinsje)
(advertinsje)