Kolleezje-akkoart provinsje op haadlinen ôf, takom wike klear

07 jun 2019 - 16:13

De fjouwer partijen dy't al in pear moannen ûnderhannelje oer in nij kolleezje fan deputearre steaten en it kolleezje-akkoart, binne der út kommen. Dat sei formateur Evelien Blaauw freedtemiddei by it wyklikse parsepetear op it Provinsjehûs. Nei alle gedachten wurdt it nije akkoart op 18 juny presintearre.

It Provinsjehûs yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De partijen CDA, VVD, FNP en PvdA binne it op haadlinen iens wurden oer hoe't se Fryslân de kommende fjouwer jier regearje wolle. Tûkelteammen wiene ûnder mear de oanpak fan it feangreidegebiet en de wize wêrop ús provinsje duorsumer makke wurde moat.

Deputearren

De nije deputearren yn it kolleezje wurde Sander de Rouwe en Sietske Poepjes fan it CDA, Avine Fokkens fan de VVD, Johannes Kramer fan de FNP en Douwe Hoogland fan de PvdA.

Formateur Evelien Blaauw

Trefwurden: 
provinsje akkoart kolleezje
(advertinsje)
(advertinsje)