Spul om chihuahua Doutzen smyt boete fan 500 euro op

In man út Drachten hat in boete fan 500 euro fan de rjochter krigen, fanwegen it mishanneljen fan in frou. De 58-jierrige man hat neffens de rjochter yn oktober ferline jier de frou in kaakslach jûn. De rûzje tusken de twa ûntstie fanwegen de chihuahua fan de man: Doutzen.
© ANP
Neffens de man gie it net om in kaakslach, mar om in triuw. Dy joech er de frou neidat sy neffens him syn chihuahua Doutzen in skop jûn hie. De frou seit dat sy it hûntsje fan de man tsjinhâlde woe, om foar te kommen dat dy yn 'e buert fan har eigen chihuahua's kaam.
In húsdokter konstatearre letter dat de frou troch de kaakstjit letsel oprûn hie. "Het verhaal van het slachtoffer wordt ondersteund door de medische verklaring. Het letsel past bij een stomp", neffens de rjochter.
De boete is oerienkomstich de eask fan de offisier fan justysje.