Sybrand Buma ein augustus al oan de slach as boargemaster fan Ljouwert

07 jun 2019 - 15:33

Sybrand Buma begjint op 26 augustus oan syn nije baan as boargemaster fan Ljouwert. Dat hat it ministearje fan Ynlânske Saken freedtemiddei bekend makke.

Foto: ANP

De ministerried hat op útstel fan minister Ollongren besletten him offisjeel foar te dragen foar beneaming. Healwei maaie waard al bekend dat de gemeenteried fan Ljouwert de CDA-politikus út alle sollisitaasjes keazen hie.

Earste Keamer

Buma folget Ferd Crone op, dy't in sit krijt yn de Earste Keamer foar syn partij, de PvdA.

(Advertinsje)
(Advertinsje)