Risikofolle gasliedingen yn Fryske grûn oan ferfanging ta

07 jun 2019 - 15:13

Ek yn Fryslân binne der risikofolle gasliedingen yn de grûn te finen, sa docht bliken út ûndersyk fan Omrop Fryslân. Benammen yn stêden as Ljouwert en Drachten lizze saneamde griis jitizer- en asbestsemint-liedingen, it type dat yn jannewaris ûntplofte yn Den Haag. Liander wol al dizze liedingen foar 2040 of earder ferfange.

Liander - Foto: ANP

Om hoefolle kilometer liedingen it yn Fryslân giet, is net eksakt te sizzen. Peter Hofland, wurdfierder fan Liander: "We hebben alleen een totaaloverzicht voor Liander en dan spreken we over 1.240 kilometer aan leidingen die vervangen moeten worden."

Dit oantal is foar alle provinsjes dêr't Liander aktyf is, wêrûnder dus Fryslân. "Per jaar vervangen we 150 kilometer aan leiding. De uiterste datum van vervanging staat op 2040, maar we hopen eerder alles al klaar te hebben."

Ljouwert oan nije liedingen ta

Benammen yn de binnenstêd fan Ljouwert lizze liedingen dy't oan ferfanging ta binne. Bygelyks op de Huzumerleane, Willemskade en Achter de Hoven. "De grijs gietijzeren- en asbestcementleidingen zijn voornamelijk in oud-stedelijke gebieden te vinden. Hier werden ze vroeger volop aangelegd."

Hjoed-de-dei wurdt der oar materiaal brûkt, mar in stikmannich âldere farianten lizze dus noch hieltyd yn 'e grûn.

Risiko fan skea

Dizze liedingen binne in risiko, om't se gefoelich binne foar bewegingen boppe de grûn. Swier frachtferkear kin skea oan de liedingen feroarsaakje, lykas lekkerij.

"Tegenwoordig zijn gasleidingen van staal en kunststof, maar er is ook een klein deel gemaakt van grijs gietijzeren- en asbestcementleidingen. Deze 'grondroeringsgevoelige' leidingen worden momenteel echter allemaal vervangen voor een ander materiaal," sa stelt Hofland.

Hofland: "Deze leidingen moeten voor 2040 vervangen zijn en we lopen voor op schema." De liedingen mei de heechste prioriteit binne ûnderwilens al de grûn út. "De vervanging zullen we versnellen als blijkt dat de leidingen een hoog risico vormen. We houden alles strak in de gaten, omdat veiligheid altijd voorop staat."

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Earder ferfange

In resinte ûntploffing yn Den Haag fan in gaslieding ûnder tafersjoch fan Stedin alarmearre it Staatstoezicht op de Mijnen (SodM) en sy roppe no Liander en oare netbehearders op om earder de liedingen te ferfangen.

"We zijn jaren geleden al met het SodM om de tafel geweest, hebben toen al de leidingen in kaart gebracht en spraken af dat voor 2040 alles uit vervangen moest zijn. Dit moet nu dus eerder. Alle grijs gietijzeren leidingen met een groot risico op lekken, zijn inmiddels vervangen. Na het rapport we nog sneller tot actie overgaan."

Yn it nije rapport fan de SodM is ek ôfsprutsen dat netbehearders mear kontrôles útfiere. "We hebben nu één keer in de drie jaar controle. Dat gaan we straks, met een risicomonitor, nog meer doen."

Sjoch hjir of der by jo in de buert ek âlde liedingen lizze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)