Freedsmerk optein oer Oranjeleeuwinnen: "Gas mei dat spul!"

07 jun 2019 - 14:33

"Ik heb mijn agenda helemaal leeg gemaakt als Oranje speelt. Daar wil ik echt niks van missen!" De Oranjeleeuwinnen binne populêr op de Freedsmerk. Net allinnich by froulju, mar ek in opfallend soad manlju sjogge eins leaver nei de Leeuwinnen as de oranje-manlju.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"As dy keardels ris in skop krije dan falle se as fergiet de wrâld, de froulju komme gewoan wer oerein. Niks gjin gedonder mei schwalbes!" Ek de team-spirit wurdt priizge: "Dêr kinne de manlju noch wat fan leare!" Gjin wûnder dat minsken it ek 'bespotlik' fûnen dat de fergoeding fan de froulju net lyk is oan dat fan de manlju. Dat moat oars. Net oer in pear jier, mar fuortendalik: "De froulju moatte der like hurd foar wurkje: Gas mei dat spul!"

Freedsmerk oer it WK froulju

(Advertinsje)
(Advertinsje)