HEA! "Maratonride is sok moai wurk"

"As in hynder yn 'e gaten hat dat je hiel benaud binne, wurdt it neat." Obe Veltman slacht al syn hiele libben yn de hynders om. Maratonride is syn grutte passy. "Dat is sok moai wurk, dat is foar my ûntspanning." Op it stuit traint hy mei twa jonge merjes foar de karre, twa suskes fan 3 en 4 jier. Takom jier wol hy mei se yn de maraton útkomme.
HEA! Traine foar it dûbelspan