UPDATE: Steuring by REC foarby, ôffaloven yn Harns wurdt wer opstart

07 jun 2019 - 15:49

Troch in stroomsteuring hat de REC yn Harns freed in skoft stillein. Der kaam stoom en swarte reek út de skoarstien fan de ôffaloven. "We zijn even goed geschrokken," seit wurdfierder Jelmar Helmhout fan Omrin. "Gunstig was dat de wind aflandig was en dat de rook niet over Harlingen ging, maar richting zee. Dat willen we ook niet, maar het was een voordeel bij een nadeel."

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Yntusken is de spanning werom en wurdt de ôffaloven wer opstart. Nei de oarsaak fan de stroomsteuring wurdt noch ûndersyk dien. Bedriuwen yn de omkriten fan de REC hiene wol stroom.

Omrin: 'Goed geschrokken'

"Naast witte rook, stoom, was er ook drie kwartier zwarte rook te zien vanuit het gebouw. Dat is rook die we niet willen zien, waar we niet blij mee zijn," seit wurdfierder Jelmar Helmhout fan Omrin. "Het euvel is nu verholpen, er wordt weer water bijgevuld bij de ketel. Maar we zijn even goed geschrokken."

Omrin kin noch net sizze oft de reek út skealike stoffen bestie. "Bij elke brand waar rook vrijkomt moet je niet dichtbij gaan staan. Rook is nooit gezond, dat is logisch. Vandaar dat we ook de waarschuwing afgaven om ramen en deuren gesloten te houden."

Soad reaksjes

Op sosjale media wie der fuortdaalks in soad argewaasje oer de reekplommen. Helmhout: "We zijn met z'n allen in Harlingen bezig om de installatie goed te hebben en ook de communicatie goed te regelen. We zien via sociale media veel mensen vragen wat er is gebeurd. Daarom proberen we zo goed mogelijk informatie te vertrekken."

Wurdfierder Jelmar Helmhout fan Omrin

Helmhout: "We moeten nu de emissie inventariseren. Zodra we iets weten over de uitstoot, maken we dat bekend. Maar zorgvuldigheid gaat voor snelheid."

Trefwurden: 
Harns REC ôffaloven
(advertinsje)
(advertinsje)