Selstraf en fikse boete foar joyrider út Mullum

In 40-jierrige man út Mullum hat freed in finzenisstraf fan fiif wiken krigen foar in joyride. Ek moat de man in boete fan 1000 euro betelje, en mei er in jier net ride.
Rjochter © Shutterstock.com
De Mullumer seach yn febrewaris fan dit jier in auto mei draaiende motor foar in snackbar yn Harns stean. De man stapte yn, ried fuort en koe pas by in tankstasjon by Menaam oanhâlden wurde. Hy sei dat er nei Ljouwert woe om drugs te keapjen by in coffeeshop.
Neffens de Mullumer tocht er dat de auto fan syn broer wie. Yn syn flibe waarden spoaren fan wyt, kokaïne en speed fûn. Dit kin lykwols net brûkt wurde yn de rjochtseal om't der foar in rjochtsaak in bloedproef ôfnaam wurde moat. De fertochte hie dit wegere, om't er benaud wie foar nullen. Foar syn wegerjen krige de man de boete fan 1000 euro.
De Mullumer wie sels net nei de rjochtbank fan Ljouwert kaam om syn straf te hearren.