Biosintrum Easterwâlde iepene: in duorsum gebou foar in duorsume wrâld

07 jun 2019 - 13:27

In gebou dat makke is fan ûnder oare âlde spikerbroeken, flaaks en gers: it Biosintrum yn Easterwâlde is lang om let iepene. It moet in moetingsplak wurde foar it bedriuwslibben, it ûnderwiis en de oerheid. Yn it kennissintrum kinne dizze partijen wurkje oan in duorsume ekonomy.

It duorre jierren foar't it gebou folslein klear wie. Om it idee fan it brûken fan natuerlik materiaal en wergebrûk út te dragen, is it gebou sels ek foar it grutste part oplutsen út natuerlik materiaal.

Arsjitekt Paul de Ruiter út Amsterdam leit út dat it gebou dêrom 'bio-based' is: "Dat betekent dat het super circulair is, je gebruikt materiaal dat uiteindelijk weer tot natuur vergaat. Je hebt zo geen belasting van het milieu. Bio-based is de toekomst, en dat begint in Oosterwolde."

Yn 'e midden fan it Biosintrum is it saneamde 'kollektive hert,' dêr kinne alle partijen byinoar komme om kennis út te wikseljen. De Ruiter ferliket it mei it Pantheon yn Rome.

Materiaal út de omjouwing

Nijsgjirrich is dat de natuerlike materialen dy't brûkt binne foar it sintrum, foar in grut part ek lokaal wûn binne. "Zo hebben we hout van Staatsbosbeheer gekregen, we hebben vlas tot plaatmateriaal verwerkt en we hebben oude spijkerbroeken uit de buurt gebruikt voor de isolatie."

Kommissaris fan de Kening Arno Brok en boargemaster Harry Oosterman iepenje it Biosintrum - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Staatsbosbeheer gekregen, we hebben vlas tot plaatmateriaal verwerkt en we hebben oude spijkerbroeken uit de buurt gebruikt voor de isolatie."

De Ruiter: "Het was niet altijd bekend of we bepaalde materialen konden gebruiken. We moesten testen of ze houdbaar zijn, dat was een zoektocht met lokale partners."

It sintrum is boud mei in duorsumens-sertifikaat, de saneamde BREEAM. "Het betekent dat de bouwers alles moesten verantwoorden. Ook moesten zij ervoor zorgen dat er zo weinig mogelijk afval kwam." Yn febrewaris hat it Biosintrum de Nederlânske Boupriis wûn yn de kategory 'Bouwen.'

Ferslachjouwer Gerrit de Boer praat mei arsjitekt Paul de Ruiter

(advertinsje)
(advertinsje)