Swiere tongerbuien kommendeweis: opnij koade oranje foar Fryslân

07 jun 2019 - 12:05

It KNMI hat foar de ein fan 'e middei en it earste part fan de jûn koade oranje ôfjûn. It waarynstitút warskôget foar swiere tongerbuien yn in koart tiidsbestek. Foarearst is koade oranje yn Fryslân fan krêft tusken 20.00 en 23.00 oere.

Foto: CAMJO media / Stefan Postema

It giet om in smelle, mar fûle stripe mei tongerbuien, dy't fan it súdwesten nei it noardeasten fan Nederlân lûkt. De yntinsiteit fan de buien nimt ta al nei sy oer it lân waaie. Dêrom is yn alle provinsjes koade oranje, mei útsûndering fan de súdlike provinsjes Seelân, Noard-Brabân en Súd en Noard-Hollân.

Ek waarman Piet Paulusma warskôget foar tonger, hagel en hurde wyn. Der kinne swiere wynstjitten komme fan 75 oant 100 km yn 'e oere, fan it suden ôf. Mooglik kin der dus sels hagel by sitte.

Oranje foar de fjirde dei op 'e rige

It is al de fjirde dei dat der koade oranje jild foar de provinsje Fryslân. Ofrûne tiisdei wie it yn 't earstoan koade giel, mar dat is letter wizige yn koade oranje.

Der binne yn de earste wike fan juny in soad skeameldingen dien fanwegen it reinwetter en de ynslaggen fan bliksem.

Trefwurden: 
KNMI koade Oranje buien
(advertinsje)
(advertinsje)