Weststellingwerf wol 13 miljoen stekke yn nije plannen, ek al is der in miljoenetekoart

07 jun 2019 - 11:12

Nettsjinsteande in ferwachte tekoart fan twa miljoen euro sil de gemeente Weststellingwerf de kommende jierren flink ynvestearje. Dat docht bliken út de plannen foar de kommende fjouwer jier.

Gemeente Weststellingwerf - Foto: Omrop Fryslân

It giet ûnder oare om it werynrjochtsjen fan de Steenwijkerweg yn De Blesse; it ferbetterjen fan sportakkommodaasjes, mei dêrby ek de oanlis fan keunstgersfjilden en de oanlis fan in fytspaad by it rivierke De Linde.

Alle plannen byinoar kostje 13 miljoen euro. De gemeenterie fan Weststellingwerf moat der noch wol in beslút oer nimme.

It tekoart fan twa miljoen euro wurdt benammen feroarsake omdat der mear jild útjûn wurde moat oan jeugdsoarch as dat der yn komt.

Trefwurden: 
Weststellingwerf tekoart
(advertinsje)
(advertinsje)