Lanlike primeur foar Warkum: earste fyts ea fan Nederlân dêr makke

07 jun 2019 - 08:59

De alderearste fyts fan Nederlân is yn 1862 makke yn Warkum. Dat hat ûndersyk fan Anne Popkema útwiisd. Hy brocht yn 2017 in boek út mei Fryske sportgedichten en dat late him nei it ferhaal fan de earste fyts. Yn it argyf fan Tresoar yn Ljouwert hat Popkema it bewiis fûn yn in Boalserter Courant fan 1862.

Doe't it bewiis noch net fûn wie, mar it fermoeden al wol bestie, reizge Popkema nei it fytsmuseum yn Nijmegen. Dêr sit dé fytshistoarikus fan Nederlân, Gert-Jan Moed. Mar, it like Moed net realistysk. "Ik kan me dat niet voorstellen", seit it gewisse fan de Nederlânske fytshistoarje.

Popkema lit it ferhaal net los en siket yn it argyf fan Tresoar yn Ljouwert dochs troch nei it bewiis foar syn fermoedens. Dat fynt er en makket him grutsk: "As je it foar it earst mei eigen eagen lêze, is dat dochs in hiel moai momint."

De Boalserter Courant fan 1862 - Foto: Jan Bensliman

Grut foar Fryslân

It is foar Popkema it begjinpunt fan noch mear sykwurk. Hy wol it hiele ferhaal witte oer de smid Driebergen, dy't de earste fyts makke hat yn syn smidterij yn Warkum.

Dat dat yn Fryslân bard is, is neffens Popkema wol bysûnder. Hielendal om't der benammen nei it suden fan it lân sjoen wurdt, as it om fytshistoarje giet. "Dit is wol grut. Fryslân spilet de earste fioele yn in Nederlânsk ferhaal. Dat ferhaal moatte we goed útdjipje. It is yn elts gefal in moai ferhaal."

De earste fytsbarrens yn Nederlân

  • Desimber 1862: Smid Driebergen yn Warkum makket de earste fyts en lit him sjen yn de stêd.
  • Desimber 1862: Krekt fierderop bout in oare smid, Deinum, ek oan in fyts. As er klear is, rydt er him nei bûten. Beide manlju ride der mei oer it Súd yn Warkum.
  • Jannewaris/febrewaris 1863: Driebergen en Deinum geane mei harren beide fytsen op en del nei Koudum. Se konstatearje dat it wol twa kear sa hurd giet as kuierje.
  • 1863: De earste fytswedstriid fan Nederlân wurdt organisearre tusken Warkum en Boalsert.
Anne Popkema fynt it bewiis yn Tresoar yn Ljouwert - Foto: Jan Bensliman

Plannen yn Warkum

Warkumers binne grutsk dat harren stêd foar dizze lanlike primeur soarge hat. In groepke 'kertiermakkers' is dwaande mei it betinken fan plannen rûn dat histoaryske feit. Leen van Poelje is ien fan harren. Doe't er it hearde, koe er it earst net leauwe. "Ik tocht: dit kin net wier wêze, it sil wol earne oars wêze. Mar ast der mei dwaande bist, wurdt it ferhaal allinne mar moaier. As Warkumers beseffe we we noch net iens hiel goed hoe bysûnder oft it is. We moatte no útsykje wat de krêft is fan dit ferhaal."

Warkumers binne dwaande mei it betinken fan plannen - Foto: Omrop Fryslân

Van Poelje is mei in pear stedsgenoaten dwaande om inisjativen te ûntwikkeljen. Sa wolle se yn de smidterij De Begine Smidte de fytsen fan 1862 neibouwe. Ek wolle se de earste fytswedstriid tusken Warkum en Boalsert op 'e nij organisearje. Der sil ek in boek makke wurde en Omrop Fryslân is dwaande mei in FryslânDOK oer dit ferhaal. It kostet noch wol wat tiid foar't alle plannen safier binne. "We moatte oan in tiidsbestek fan oardel, twa jier tinke, foardat we echt wat konkreets ha. Mar dan ha we in moai ferhaal", seit Van Poelje.

Warkum kin de 'bakermat' fan de earste fyts yn Nederlân wêze en litte we dat foarop hâlde.

Leen van Poelje

Boalsert hoecht him yn elts gefal gjin soargen te meitsjen dat Warkum de titel fan 'Fytshaadstêd fan Fryslân' oernimme wol, fertelt Van Poelje. "Boalsert hat it sa moai foarinoar mei in Alvestêdetocht. It moat inoar fersterkje. Warkum kin de 'bakermat' fan de earste fyts yn Nederlân wêze en litte we dat foarop hâlde. Dan kinne we moai gearwurkje mei Boalsert om der wat moais fan te meitsjen."

(advertinsje)
(advertinsje)