Miny-Alvestêdetocht giet definityf net troch fanwege min waar

07 jun 2019 - 10:42

De prolooch fan de Fytsalvestêdetocht, de Miny-Alvestêdetocht giet sneon definityf net troch. Dit hat te krijen mei it mooglik minne waar dat foarsein is.

Mountainbike - Foto: Shutterstock.com

De Miny-Alvestêdetocht is de prolooch foar de 'grutte' tocht fan Pinkstermoandei. De tocht fan 40 kilometer wurdt gewoanwei in protte fytst troch húshâldingen, en minsken mei minder training. Dêrom hat de organisaasje ek kritysk sjoen nei de waarsomstannichheden. "De dielnimmers binne fansels in stik minder traind", fertelt Stephan Rekker, foarsitter fan de Fytsalvestêdetocht.

It waar fan freedtejûn en sneon oerdei sjocht der net goed út foar de bûtenaktiviteiten yn ús provinsje. "As wy it waar sa hearre, dan sitte dêr grutte útsjitters by", fertelt Rekker.

De tocht útstelle nei snein is gjin opsje foar de organisaasje. "Wy wolle ek gjin oare programma's yn it farwetter sitte, lykas de stepalvestêdetocht."

Trefwurden: 
Mini-Alvestêdetocht
(advertinsje)
(advertinsje)