Kollum: "Tryste geilens"

"Ik siet dizze wike doelleas foar de telefyzje te zappen op ús ferstelbere stoel en sadwaande lei ik der plat foar. It wie al wat letter op 'e jûn, ik wie allinnich thús en zappte my in ûngelok want ik koe neat fine dat my nei't sin wie.
Hilda Talsma © Omrop Fryslân
Uteinlik kaam ik út by 'Naked Attraction' en yn dat programma stiene seis neakene manlju yn in glêzen fitrine. Koest ynearsten allinnich it ûnderein sjen, dus de skonken en wat dêr tusken hinget. Ik seach yn ien eachopslach mear pimels as yn de lêste 30 jier en in frommeske mei gleone eagen en in noasrinkje mocht al dat fleis keure.
Uteinlik mocht se mei ien fan dy manlju op date, mar ik fûn dat se hiel fatsoenlik mei de oaren ôfrekkene. Ik tink dat se soks foar de tiid ôfpraat hawwe, want letter kaam der in man dy't út seis neakene froulju kieze mocht en hy bleau ek aardich sosjaal as immen syn type net wie. Hy socht in frommeske út mei blau hier dy't ûnder de tatoeaazjes siet. 'Wachtsje mar oant se in jier of 60 is,' tocht ik, mar salang sille se wol net folhâlde.
Ik hie it programma noch net earder sjoen en haw my der oer fernuvere. Doe't it út wie zappte ik fierder en doe rekke ik betize yn 'e real life soap 'Ex on the beach Double Dutch' op MTV. Acht frij gesellige, mar ek hetsige frijgesellen út de súdlike provinsjes sieten mei-inoar yn in filla yn in waarm lân, wylst der sa út en troch in eks delkaam. It wie ek de earste kear dat ik dit programma seach mar tagelyk ek de lêste.
'Wêr giet dit oer?' Frege ik my gauris ôf. No komt dat miskien ek wol omdat ik yn in faze sit dat myn fuortplantingshormoanen op stjerren nei dea binne en dy fan de jonges en famkes yn it programma noch stuiteren fan entûsjasme. Mar ik naam my foar om net te gau in oardiel te hawwen en der as in wize frou nei te sjen. Want sjoch, yn dy fase kom ik dalik; wiis en griis, wylst dizze jongelju benammen wiet en swiet wiene.
Se slikken en krioelen op en om inoar om as úthongere wolven, bytiden mei har trijen tagelyk en dan benammen jûns nei in moaie slompe alkohol. By guon wie de seks eins net iens de bedoeling, mar: 'Hallo! Het is warm! Ik heb een kut en ben ook geil!' Dus dêr moast in pimel yn. It makke op dat stuit net in soad út fan wa en dy aksjes waarden gewoan yn byld brocht.
Der wie in twaling by dy't it beide mei deselde jonge dien hiene, mar se fûnen him net hiel bysûnder. En soks waard minder fatsoenlik besprutsen as yn it oare programma. Se makken inoar foar alles út en de seks wie allinnich foar de lust, neffens ien fan de jonges. 'Niet voor de liefde want dat ken ik niet,' sei er, wylst in oar rôp: 'Fuck de liefde!'
'Earme sielen,' tocht ik. It naaide der letterlik freeslik út en miskien is soks wol in feest om op 'e telefyzje sjen te litten, mar ik krige begrutsjen mei dizze bern. Koene se de leafde mar, al wie it yn earste ynstânsje foar harren sels sadat se dêrnei de leafde fan har libben fucke koene, ynstee fan Jan en alleman.
En wylst ik skodholjend nei safolle tryste geilens siet te sjen, hope ik fan herte dat de Fryske jongerein har net foar sokke programma's opjout. Litte se dêr asjebleaft te nochter foar wêze en tefolle eigenwearde foar hawwe."