Frustraasjes en ûnmacht oerhearskje by badpaviljoen Hylpen

Nei jierren fan striid liket in oplossing foar it badpaviljoen fan Hylpen noch hieltyd net tichtby. It paviljoen stiet fanwege in konflikt tusken de eigener en de gemeente, achter in stek. It liket wol wat opknapt, mar it is gjin iepenbiere gelegenheid mear. It stekt minsken dat it histoaryske pân efter slot en skoattel ferstoppe sit.
© Omrop Fryslân
It paviljoen, ea de pearel fan de Sudersee neamd, hat in romrofte skiednis. It waard boud yn 1911. Earst as houten gebou mei doeken. It wie in inisjatyf fan in húsdokter út Snits dy't socht om in plakje dêr't hy en de bern sûne seelucht en seewetter opsnuve koene. In Hylper man gie te proefswimmen en doe koe it los mei de bou.
Der wie in soad flecht op 'e koai. Minsken fan heine en fier kamen nei it seebad fan Hylpen om te rekreëarjen. Mei de trein of de koets kamen se nei it strân oan de Sudersee. It wie in sukses en de ambisjeuze ûndernimmer Buijs liet it paviljoen ferbouwe. It gebou waard útwreide en fan beton makke. It is ien fan de pear gebouwen fan beton yn Nederlân. In unike boustyl.

Krisisjierren, mar altyd iepenbier

Yn de krisisjierren en troch de oanlis fan de Ofslútdyk waard de sitewaasje foar it paviljoen wat minder. It moaie seestrân waard lytser en it wetter feroare fan sâlt yn swiet. Dochs hold it paviljoen syn alluere.
It paviljoen hat in soad eigeners hân, mar bleau altyd in iepenbier gebou. In plak om wat te drinken en fan de ûndergeande sinne te genietsjen.
Yn de jierren 60 kaam it yn hannen fan de bruorren Dirk en Bull Verweij, de oprjochters fan radiostjoerder Veronica. Se makken fan it paviljoen in populêre útgeansgelegenheid. Romrofte bands as Golden Earrings en Q65 spilen foar de jeugd fan Hylpen en omkriten. Ferneamde dj's as Tineke de Nooij en Jan van Veen draaiden muzyk yn de drive-in-shows.
De blauwe arkjes dy't oan de oare kant fan de dyk leine, waarden ferhierd oan badgasten en oanpriizge yn radioreklames. Mar healwei de jierren 70 kaam der in ein oan dizze eveneminten.
© Omrop Fryslân
Yn de dokumintêre 'Op slot' it doe, no en de takomst fan it badpaviljoen fan Hylpen, mear oer it bysûndere ferhaal fan it Hylper paviljoen. Mei ûnder oaren riedslid en Hylper Johan Langbroek.
Fryslân DOK is op telefyzje te sjen op 8 en 9 juny. Sneon 8 Juny om 15.30 op NPO2, snein 9 juny om 13.20 oere op NPO 2 en fan 17.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân.

Fertutearzjen

De lêste desennia is it paviljoen hieltyd mear fertutearze. Organisaasje Heemschut, dat him dwaande hâldt mei kultureel erfgoed, is al 25 jier dwaande mei it ryksmonumint. Se komme lykwols net in stap fierder.
Ek de polityk is al jierren mei dwaande mei it monumintale Hylper gebou. De ferskate gemeenten dêr't it paviljoen ûnder foel hawwe troch de jierren hinne fan alles besocht om it ryksmonumint te bewarjen en wer yn âlde gloarje te herstellen. Oant no ta sûnder resultaat. De eigener wol net meiwurkje.
It pân is wol opknapt mar net op de goeie wize neffens de gemeente. Dat alles hat laat ta twangsommen begjin dit jier. De gemeente Súdwest Fryslân hat in twangsom oplein omdat it gebou sûnder fergunning ferboud is en net neffens de regels foar in ryksmonumint. Neffens de gemeente binne orizjinele saken fernield. Lykas in blikken plafond dat fan histoaryske wearde is en ek oare saken soene fernield wêze.

Stilte

De gemeente wol neat sizze salang't der in juridyske saak rint. Eigener Douwe van der Meulen, ek rekreaasje-ûndernimmer en eigener fan camping Schuilenburg wol gjin kommentaar jaan. Foar riedsleden yn Súdwest- Fryslân in frustrearjende sitewaasje. Neffens PvdA riedslid en Hylper Johan Langbroek stiet de polityk machteleas as it om it hanthavenjen fan monumintebelied giet. Se wolle hiel graach, der is ek in soad jild bean om it gebou te restaurearjen, mar as de eigener net meiwurkje wol dan hâldt it op.
© Omrop Fryslân
De Hylpers bemuoie harren eins net mei de saak. Yn 2015 hat der in protest west by it paviljoen. Minsken dy't harren soargen makken oer de steat fan it pân fregen omtinken foar de minne steat dêr't it paviljoen yn ferkearde. Hylpers wiene der net manmachtich oanwêzich mar neffens guon fine se it wol spitich dat it giet sa't it giet.
It is ien fan de moaiste plakjes fan Hylpen en de measte Hylpers koesterje moaie oantinkens oan it paviljoen. Guon soene hiel graach wolle dat it paviljoen wer in iepenbier karakter krige en dat it stek der omhinne wei gie. Oft dat ea ek barre sil is de grutte fraach.