Kolleezje Dantumadiel wol om begruttingstekoart gjin subsydzje doarpshûs Feanwâlden

06 jun 2019 - 22:37

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders yn de gemeente Dantumadiel wol dat de ried it takennen fan subsydzjes foar in nije multyfunksjonele akkommodaasje én jeugdsoas yn Feanwâlden nochris besjocht. De ried hie goed 1 miljoen euro beskikber steld, mar no't de gemeente in tekoart fan hast fjouwer miljoen euro hat, wol it kolleezje "acuut bijsturen".

It gemeentehûs fan Dantumadiel - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It beslút falt net goed by stichting Doarpshûs Myn Skip. "Dit is in klap yn it gesicht fan ús bestjoer, kommisjes en frijwilligers", seit foarsitter Roel Dijkstra.

De ried hat yn 2017 besletten om 990.000 euro beskikber te stellen en earder dit jier nochris 83.000 euro foar in jeugdsoas. "Dy besluten binne blykber neat mear wurdich", seit Dijkstra. "We ha it gefoel dat de gemeente ús prachtige projekt net op wearde skat en it, no't der in gat fan 3,9 miljoen euro yn de jierrekken is, yn de grabbeltonne smyt."

Salang't der noch gjin folslein 'herstelplan' leit en ek net dúdlik is wat de eventuele effekten dêrfan binne, wol de gemeente gjin ferplichtingen oangean dy't "niet onvermijdbaar en onuitstelbaar" binne, skriuwe se yn in brief oan de stichting. "Ook worden besluiten waar nog geen uitgaven of verplichtingen op zijn gedaan, ter heroverweging voorgelegd aan de raad."

We jouwe gjin belies.

Roel Dijkstra, foarsitter Doarpshûs MynSkip

It kolleezje fan b en w riedt de stichting ôf om foarearst nije finansjele ferplichtings oan te gean. Se kinne better ôfwachtsje wat it beslút fan de ried is, skriuwt it kolleezje yn de brief. "Dit fielt as in enoarme dreun yn ús gesicht", seit Dijkstra. "Mar we jouwe gjin belies."

Net mear te kearen

Dijkstra seit dat de ûntwikkeling fan de plannen al net mear te kearen is. "Der binne al kosten makke foar ferfangende húsfêsting yn de tiid fan de bou, der binne al doarpsaksjes opstart om it noch ûntbrekkende bedrach op te heljen."

Nei't de stichting berjocht krige fan it kolleezje, ha se spoedoerlis hân. Nei ôfrin sei Dijkstra dat se yn alle gefallen trochsette. "Ek al smyt dat op 'e nij kostbere moannen fan fertraging op. We leauwe deryn en hoopje dat we dat boadskip de kommende moannen effektyf oerbringe kinne oan de gemeenteried."

(advertinsje)
(advertinsje)