Ferwûne by ûngelok mei quad nei motortreffen yn Holwert

In motorrider is tongersdeitejûn nei it motortreffen op de pier by Holwert yn botsing kaam mei in quad. De bestjoerster fan de quad rekke by it ûngelok ferwûne.
© ProNews, Kevin v.d. Velde
Neffens omstanners woe de bestjoerster op de quad ôfslaan. De motorrider seach dat te let, wêrtroch't de twa yn botsing kamen. De quad sloech dêrtroch oer de kop en de motorrider gie ûnderút.
De bestjoerster fan de quad is troch ambulânsepersoniel kontrolearre en foar fierdere behanneling oerbrocht nei it sikehûs. Hoe slim oft se ferwûne is, is net bekend. Mar neffens de organisaasje fan it motortreffen fûl it ta.

Friesche Motor Riders

Op de moeting fan de Friesche Motor Riders kamen tongersdeitejûn hûnderten minsken ôf. De ploech hope op 500 motorriders. Dat is slagge, neffens Karel Dikkers fan de motorklup binne der 560 motors op de pier west: "De sfeer was fantastisch en het weer zat ook goed mee."
De organisaasje rôp foarôf de motorriders op har op de iepenbiere dyk normaal te dwaan fanwegen plysjekontrôlen. Op ferskate lokaasjes stiene plysjes klear mei laserguns.