Justysje wol jier selstraf foar Feanster kopskopper

Justysje wol in 24-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean in jier de finzenis yn ha, omdat er in oare man by in fjochtpartij oan de Noardkade yn Drachten tsjin 'e holle stampt hat. Dat barde yn de nacht fan 4 maart 2018. De offisier fan justysje fertinkt de Feanster fan poging ta deaslach.
Justysje © Shutterstock.com
It slachtoffer soe ferfelende dingen yn it Ingelsk sein ha tsjin de fertochte. Dêrop reagearre de fertochte: "Ik dacht: het gaat me niet gebeuren dat hij me hier gaat neersteken", sei de Feanster yn de rjochtbank.
Nei de earste klap foel it slachtoffer op 'e grûn. Dêr soe er noch in pear trapen tsjin 'e holle krigen ha.

Drugs- en alkoholferbod

De fertochte hat hast in jier yn foararrest sitten. De offisier easket in selstraf fan deselde lingte en acht moanne ûnder betingst. Boppedat wol er dat de fertochte in ferbod krijt foar it brûken fan drugs en alkohol en dat er behannele wurdt.
De rjochtbank fan Ljouwert docht op 20 juny útspraak yn de saak.